22 dec 2015
/Blog/
Grutte krystkaartdrokte by Drukkerij van der Eems

Drukkerij Van der Eems yn Easterein   –   Foto: Omrop Fryslân, Dirk Baron

By Drukkerij van der Eems yn Easterein hawwe se it dizze wiken smoardrok mei it printsjen fan krystkaarten dy’t minsken op ynternet meitsje en ferstjoere. Grutste leveransier is ynternetbedriuw kaartje.2go út Dokkum. Van der Eems moat hiel fleksibel wêze mei it beskikber hawwen fan personiel, omdat net yn te skatten is hoe drok oft it krekt wurdt.

Se hawwe dêrfoar genôch minsken achter de hân, dy’t se oproppe kinne. As se it sels net mear bolwurkje kinne, dogge se in berop op in kollega-drukkerij.

 

Onze website maakt gebruik van cookies en daarmee vergelijkbare technieken. Klik op 'Ik ga akkoord' om toestemming te geven voor het plaatsen van cookies. Lees meer over cookies